Excentriek is in mingd sjong- en theatraal koar, dat foar syn publyk mar tagelyk ek mei en tusken de minsken foar it poadium sjongt. Wy wolle dingen krekt efkens oars delsette as it gewoane.

Us koar hat in breed repertoire. It giet fan Nederlânstalich nei Fryske en Ingelsk. Wy bringe fan folksliet oant smartlap, mar like goed ek modern populêr wurk en krystlieten. Dit alles ûnder de besielende lieding fan dirigent Rinke Schroor, dy’t ús begeliedt op toetseboard, gitaar en akkordeon.

Excentriek fersoarge al optredens yn fersoargingshûzen, op festivals, by krystmerken. Ek ha wy kombinaasjekonserten dien mei oare koaren ensafuorthinne.

Us gesellige repetysjejûnen binne op moandei fan 19.45 oant 22.00 oere in doarshûs De Einekoer yn Ryptsjerk. Us sjongers komme fan Ryptsjerk, mar ek út doarpen yn de wide omkriten. Nocht oan sjonge is genôch om mei te dwaan.

Liket it jo/dy aardich om mei te sjongen? Kom frijbliuwend in jûn te sjongen!

Foar ynformaasje: Jan van der Kooi, tel. 0511-431965 of excentriek@gmail.com